FNP De Fryske Marren organisearret temajûn enerzjy op 13 desimber yn de Treemter Balk

0

BALK – De FNP De Fryske Marren organisearret op freed 13 desimber in jûn oer de enerzjy-transysje. At wy oergean sille op griene enerzjy freget dat in soad besluten.

Kieze wy foar wynmûnen? Of feroaret in part fan ús greiden yn sinnefjilden? En wat docht dat dan wer mei de natuer? Hoe krije wy skjinne enerzjy en beheine wy de skea? Hoe wolle wy dat ús gemeente der oer 20 jier útsjocht?

Ek De Fryske Marren moat oan de slach

We hawwe op ‘e pof libbe, seit Rutte. Fan alles is der mear kommen; mear fabriken, mear huzen, gruttere huzen, mear diken, mear ferkear. By al dy saken hat der net genôch omtinken west foar de fersmoarging dy’t dat meibrocht. Sadat it klimaat te lijen hat fan de CO2. Sadat der yn de stêden tefolle fynstof is en tefolle oerlêst, dêr’t minsken astma en stress fan krije. Sadat der op it plattelân tefolle stikstof omdwarrelet, dêr’t in soad planten en bisten net oer kinne. Koartsein, we moatte in oare wei ynslaan.

Dy oare wei dy’t wy ynslaan moatte, dat is net allinnich in lanlike kwestje. Der moatte rûnom dingen feroarje, ek yn ús Provinsje en yn ús gemeente De Fryske Marren.

Programma fan dy jûn

• De ‘Energie Coöperatie Gaasterland’ fertelt yn ‘e mande mei ‘Energie van ons’ oer wat se dogge en wat de takomstplannen binne. Hoe kin de gemeente har stypje? Wat kinne de ynwenners dwaan?
• ‘Warm Heeg’ is mei plannen dwaande om it wetter fan de Hegemer Mar te brûken foar it hiele âlde doarp. In goed foarbyld foar ús gemeente, want marren ha wy ek.
• En Bouwe de Boer, de Fryske Enerzjykommissaris, fynt dat de enerzjy-transysje yn it foarste plak in saak foar de jongerein is. Fierder wit hij fan alle kanten fan duorsume enerzjy út eigen ûnderfining.

Op ‘e pof fan de jongerein

We ha troch ús groeiende ekonomy in soad wolfeart krigen, mar ek in soad bedoarn. No sil der in oare wyn waaie. It is nedich dat de jongerein har dêr aktyf mei bemuoit, it is har takomstige omjouwing. En jongerein is in reklik begryp. De measte 50-ers fiele har ek jong.
Stek dyn ljocht op oer wat de mooglikheden foar doarpen en ynwenners binne en praat mei oer wat de gemeente dwaan kin om lokale inisjativen foar griene enerzjy te stypjen.

Freed 13 desimber, De Treemter yn Balk, 19.30 oere

Foto: Orange Pictures

Reageren

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

X
X

Deel dit met een vriend