Oud-boer Ekke Atsma: van Baas Boppe Baas tot palingroker op de Amsterdamse grachten

0

BALK – Ekke Atsma (67), oud-boer uit Elahuizen, maar nu Balkster, heeft een karakteristieke kop en helemaal als hij de originele handgemaakte schipperspet waarop een Fries vlagje zichtbaar is, draagt.

Wie is Ekke Atsma? Waarom had Atsma bijvoorbeeld ooit een rol in de door filmmaker Steven de Jong geregisseerde populaire TV serie Baas Boppe Baas van Omrop Fryslân? En klopt het dat we de Balkster binnenkort weer op het witte doek te zien krijgen? Een portret van een markante oprechte Fries.

Eerst de biografische gegevens van Ekke Atsma. Geboren op 29 juni 1952 als oudste kind van Willem en Marijke Atsma-van der Wal uit Woudsend. Na Willem volgden Tryntsje, Wiebe en Martsje. Een boerengezin. Ekke gaat naar de Meester van der Brug Skoalle in zijn geboortedorp om vervolgens naar de mulo in Balk te gaan. Na het behalen van het mulodiploma vervolgt Ekke zijn leerweg op de Bijzondere Hoge Landbouwschool in Leeuwarden. Getrouwd met Greetje Bakker uit Bedum. Heit van Willem, Christien en Marijke. Ondertussen ook pake van Renske Marrit, Wieger, Anne Greta, Martine, Jacob, Klaas Jelte, Ilse en Bjorn.

Zware longontsteking

“De basis fan wa’t ik wurden bin leit tink ik tusken myn berte en myn tolfde jier. Yn myn bernetiid haw ik seis kear in hiele swiere longûntstekking hân. Us heit hat my wolris yn’e earms hân en tocht dat ik foar it lêst sykhelle hie. Hy hat my doe op’e kop holden om te sjen oft ik noch lucht krije koe. Us heit en dy hawwe doe in dokter yn it Dútse Bielefeld, dy’t ek astmapasjinten holp, frege hoe’t se mei myn kwaal oan moasten. Har advys wie om my foar myn tolfde jier net te sjen, omdat se tocht dat ik it oergroeie soe. Dy frou hat op ôfstân hielendal gelyk hân.”

“Want nei myn tolfde gong it in stik better, al krigen myn âlders wol te hearren dat se hiel foarsichtich mei my wêze moasten. Troch dy swakke sûnens ha’k op skoalle noch alris wat mist en waard ik it pispealtsje fan de klasse. Ik waard in soad pesten en dat hat de rest fan myn libben syn spoaren efterlitten. Ik mocht nea meidwaan, ik wie kornerflach of reserve doelpeal. Doe is myn leafde foar bisten en hûnen ûntstien. Ik hie swartbûnte krusing stabij-wetterhûn, in mantsje, in swever mei in grut rayon. Dy lei altyd by myn fyts om my op te wachtsjen. As dat sa wie dan wie myn dei goed, want dan doarde gjinien my mear oan’e bealch te sitten. Syn namme wie Tommy, omdat alle hûnen Tommy hieten. Doe’t Tommy fanwegen besmettingsgefaar ôfmakke wurde moast wie ik wer fûgelfrij en sa haw ik it ek field.”

Als Ekke naar de mulo in Balk gaat, komt hij opnieuw bij een van de pesters in de klas te zitten. Omdat de oudste zoon van Willem Atsma door een groeispurt meer in de bouten heeft, bijt hij van zich af.

Ik haw him efkes oer de skaafbank helle

“Dy skoalle is ôfbrutsen, mar ik kin dy de situaasje noch eksakt úttekenje. Dy pestkop soe my wer dwers sitte en ik waard sa alderferskriklikste lilk dat ik him by kop en kont pakt ha. Ik ha him op sa’n ribbeltsje ferwaarming dellein en dêr gong er oer hinne as lei er op in skaafbank, fan it iene nei it oare ein. Ik hie it skom op’e bek. Dy jonge skrok sa omdat der wat barde wat noch nea earder bard wie. De direkteur en de leararen fan de mulo hawwe der gjin punt fan makke, want se hiene wol yn’e gaten dat der wat west wie. Fan dat momint ôf bin ik nea wer pesten.”

Eigenzinnig boer

Na zijn schooltijd wordt Ekke boer. Eerst samen met zijn vader, later neemt hij het bedrijf in Elahuizen over. Ekke heeft daar altijd naar eigen inzicht geboerd, wat inhield ‘net mei de massa mei wolle en de natuer liedend wêze litte.’ Atsma moest niks van intensieve veehouderij hebben. Hij vindt zich ‘eigensinnich’, maar wel eentje die terug wil buigen als een ander hem weet te overtuigen van zijn ongelijk. “Dizze wrâld is unyk, at we dy uitbuite, giet it mis en dat hat myn leidraad west”, besluit Ekke Atsma een minicollege over hoe hij tegen de landbouw aan kijkt.

Toneelwereld

“Ik haw tsien jier lang oan doarpstoaniel dien yn Ealahuzen, dat fûn ik neist myn wurk prachtich om te dwaan. It neisitten mocht ik ek graach oer, mar nea oan’e bar. Minsken dy’t achter yn’e seal sieten, dêr gong ik neist sitten. Dy boeiden my. It sil allegearre mei dat pesten fan eartiids te meitsjen hân ha. Ik kin min oer ûnrjocht. As der ris wat broeide, dan wie ik op’e tiid fuort, want dan wist ik wol dat ik foar de minste opkomme soe. En noch altyd.”

Ekke mag aan de ene kant niet iemand van op de voorgrond zijn, al doen z’n toneelambities anders geloven. Als Steven de Jong met zijn plannen voor Baas Boppe Baas naar buiten komt, is Ekke Atsma nieuwsgierig en doet hij auditie.

“Ik krige in rol as âld-skipper dy’t yn’e kroech siet. Hij wie stamgast yn it kafee dêr’t haadrolspiler Bearnt ek kaam. Ik hoegde my foar de opnamen nea te ferstrûpen, klompen oan, skipperspet op en de klean dy’t ik altyd oan hie. Ik waard ienkear sminkt en dan hie’k de hiele dei wer rêst. Ik mocht myn eigen karakter delsette en dat hat Steven akseptearre. Ik haw in oantal kearen meidien, mar doe kamen der gastskriuwers en krige ik hieltyd minder in rol. Steven hie wol yn’e gaten dat ik net sa kneedber wie. Omdat ik op en bûten de set gelyk wie, herkenden de minsken my al frij gau. Ik fûn it wol bêst. Wat my it meast by bleaun is, dat binne myn petearen mei Rense Westra, de haadrolspiler. Neffens my in net begrepen gefoelsminske dy’t him yn’e maatskippij net hanthavenje koe. De minske Rense Westra waard net begrepen, de akteur Westra wol. Ik herkende my wol yn him. Ik wist ek wol wat minsken je oandogge as je net sa dogge as sy wolle. Achter de skermen hiene we hiele ferhalen. Dat pesten komt hieltyd werom yn myn libben, dat is stimpel dat ik meikrige ha.”

Grutte Pier

Baas Boppe Baas is al weer even geleden. De TV-serie verscheen van 2001 tot en met 2004, maar Ekke wordt dus nog altijd herkend. Op dit moment is Steven de Jong bezig met de speelfilm over het leven van de Friese vrijheidsstrijder Grutte Pier. Zijdelings heeft Ekke zich met deze productie bemoeid.
“Ik haw der foar soarge dat der yn’t plak fan in Frysk hynder foar de ploech in echte Belch komt. Dy Fryske hynders kinne en koene net in stik fette klaai omploegje. In Frysk hynder is fansels moai om te sjen, mar Grutte Pier hie gjin Friezen foar de ploech! Doe ha’k in swarte Belch út Drinte foar Steven regele.”

Ielrikje op de Amsterdamse grachten

Sinds 2016 is Ekke Atsma geen actief boer meer en woont hij met zijn vrouw in Balk. Vervelen doet hij zich absoluut niet.

“Ik bin no frij, en dat woe ik altyd al. Ik gean al goed 20 jier mei Bas Oosterbaan, de eardere manager fan de Galamadammen, om. Hy is op in stuit foar him sels begûn. Earst aktiviteiten organisearje rûnom op de pleats, wêrby’t minsken ûntfongen waarden. Dêr wie ik by belutsen. No is Bas aktyf ûnder de namme ‘Friese Palingroker’. Dêr help ik ek wer mei. Dat ielrikje foar grutte groepen is der wat útrekke, mar dat wol net sizze dat we no net mear ielrikje. Bas fart in kear op’e Sleattemermar mei syn lytse boatsje dêr’t er in plateau op makke hat mei in âld oaljefet. Dêr wurdt de iel yn rikt en sa binne we yn Amsterdam terjochte kommen, dêr’t we no mei dat boatsje troch de grêften farre en de iel rikje en ferkeapje. It is in prachtige útdaging! Ik gean ien dei yn’e wike mei nei Amsterdam. Ik ferfeel my nea!”

Door Henk van der Veer

Reageren

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

X
X

Deel dit met een vriend