Toanielselskip ‘De Trochsetters’ spilet Famylje Bruinsma yn’e bocht: ‘Oantreklike hear siket frou’

0

BALK – Op freed 22 en sneon 23 febrewaris is de jierlikse opfiering van toanielselskip ‘De Trochsetters’ yn Zalencentrum ‘De Treemter’ yn Balk. De Trochsetters spylje dit jier in toanielstik fan de beruchte famylje Bruinsma. It stik: ‘Oantreklike hear siket frou’.

‘Oantreklike hear siket frou’ is de titel fan it toanielstik en de tekst boppe de kontaktadvertinsje yn ‘e krante. It stik spilet sich in stik of wat jierren werom ôf. Logysk oars wie d’r net in advertinsje setten yn’e krante, mar wie d’r in online-advertinsje setten op it internet of seach men wol op it hjoeddeiske tinder. De famylje Bruinsma is net sa hip, sy ha noch nea heart fan internet, lit stean fan tinder. En ek fan de mobyle tillefoan stean se nuver te sjen. De advertinsje yn’e krante soarget foar flecht op’e koai en foar de de nedige misferstanden. Dit soarget yn kombinaasje mei harren famylje dy’t ek noch te útfanhuzjen komme foar in soad hilaryske situaasjes. De famylje Bruinsma is in bytsje in slûchslimme famylje. Sjef, de patras familias, wurd spile troch Herman Mous en docht tinken oan Onslow fan ‘Keeping up appearances’. Harren soan Boris, Johannes Wagenaar, is gjin hier better, de apel falt net fier fan de beam, sille we mar sizze. Beide heren sette harren rol fantastysk del. Krekt as Bertina Luimstra-Homma yn de rol fan Mien, in hearlik frommes mei hier op de tosken.

Sy spilet de stjerren fan’e himel. We spylje únder rezjy fan Margré Deinum en binne sûnt septimber drok oan it oefenjen mei help fan ús ynsteksters Paulien Dooper en Tineke Homma om jimme in hearlik jûntsje út te besoargjen. Se hat d’r foar soarge dat de rollen aardich pasje by de spilers en dat it in gehiel wurd. Willemina de Jong is in jonge nije spilster en ek sy spilet har rol mei ferve. De trochwintere doarpstoanielbesiker wit fuortendaliks by it lêzen fan boppesteande dat it in hearlike tiizeboel wurdt. It belooft dan ek in moaie jûn te wurden, wêr eltsenien fêst in protte laitsje kin om de personaazjes yn ‘t stik. De bedoeling fan in jûntsje út nei’t doarpstoaniel! It stik Famylje Bruinsma yn’e bocht: ‘Oantreklike hear siket frou’ is in klucht fan 3 bedriuwen en skreaun troch Carl Slotboom en de Fryske oersetting is fan Abele Krist. Komme jimme ek? Tagongskaarten inklusief in kop kofje of te binne te keap yn ‘e foarferkeap tjin kontante betelling fan € 6,50 it stik by Mous Tweewielers en op ‘e jûn oan ‘e doar sels binne de tagongskaarten €8,50 it stik. De seal is iepen fanôf 19.30 oere.

Activiteit : Toneelvoorstellingen
Organisatie : Toanielselskip ‘De Trochsetters’
Speeldata : Vrijdag 22 en zaterdag 23 februari 2019
Aanvangstijd : 20.00 uur (19.30 uur is de zaal open)
Locatie : Zalencentrum ‘De Treemter’, Bogermanstraat 3, Balk
Voorverkoop adres : Mous Tweewielers, Van Swinderenstraat 45, Balk (uitsluitend contante betaling)

Reageren

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

X
X

Deel dit met een vriend