Westermar toaniel spilet “Lige as in wachter

0

JOURE – Op 1 en 2 febrewaris 2019 spile buertferiening Westermar “Lige as in wachter”, fan Bernd Gombold in it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra.

In stik spilet him ôf yn it kantoar fan de boargemaster fan in lytse gemeente. De boargemaster Rinus (Rinke Koopmans) hat it swier my twa nije ynwenners. Se ergerje sich bryk oan de gelûdoerlêst fan bygelyks in kraaiende hoanne en de tsjerkeklokken. De boargemaster hat in soad stress troch dit gedoch, Rinke wit dizze rol prachtich foarm te jaan. Dy stress wurdt noch slimmer as syn frou Helma (Japke van der Meer) him der efkes op wiist dat er harren troudei foarjitten is. Japke spilet mei har ymposante foarkommen, in echte boargemastersfou. Syn sekretaresse Marion (treflik spile troch Moniek Holtrop) moat him dan ek om de haverklap pillen jaan om kalm te bliuwen. Rinus hat in protte stipe fan syn boade Syp, no ja stipe, hij lycht as in wachter en is sljocht op sterke drank. De rol wurdt spile troch, ja wa oars, Roel ten Hoeve. Dizze rol past him as in jas. Jans (Margaretha Braaksma), in winkelfrou út it doarp hinget oan syn lippen om mar nijs te hearen. Se hat dan altyd in fleske sterke drank as beleanning. Margaretha wit dizze nijsgjirrige winkelfrou natuerlik foarm te jaan. En ja hear, dêr komme de nije ynwenners Amanda en Emilius, har man, it kantoar al yn. Se easkje fan Rinus dat er no ris wat docht oan al dy gelûdoerlêst. Amanda wurdt spile troch Gelbrich Kuiper en se wit dizze deftige dame út de stêd ta it ein ta tige sterk del te setten. Emilius (Harm Jan Muurling) is in jaknikker en hat neat yn te bringen. Harm Jan hat altiten rollen mei in protte tekst, mar no moat er in rol spylje hast sûnder wurden. Hy slagget hjir geweldich yn mei syn skitterjende mimyk, syn grutte snor helpt hjir ek by, en de seal rint dan ek my him foart.

Rinus nimt in rigoereus beslût om de gelûdoerlêst te ferminderjen. Dat wurdt net weardearre troch Loadewyk, foarsitter fan ‘e plomfee feriening en fan ‘e blaaskapel. Hy kriget der sels spul om mei de boargemaster, se reitse bygelyks oaninoar. Dizze debûtrol fan Ipe Solle wurdt sterk spile (fêsthâlde dizze man). Rinus giet der mei in bile fan troch om de touwen fan de tsjerkeklokken troch te kappen, mar hy kriget in bongel fan de klok tsjin syn holle en is it spoar dan al hielendal bjuster.

Professor Soethout (Sible Muizelaar) komt in pear dagen útfanhûs en dêr hat Marion it net op stean, want hy is fereale op har. Sible, ek al in debútrol, hâld de oandacht fan it publyk geweldich fêst my syn drokke rol (dizze man ek direkt fêstlizze foar de kommende jierren). Dan is der panyk want in sekere Rosalie komt ôf op in kontakt advertinsje wer’t in foto fan Rinus brûkt is. Dizze lytse rol wurdt oertsjûgjend spile troch Jannie Post. Ek yn dizze klucht sitte kostlike mominten. Der waard in soad lake bygelyks om de spraakbetizing tusken Rinus en Rosalie. Eintsjebeslút rint it goed ôf want de professor sjocht it wol sitten mei Rosalie. Syp seit dat de drank him fantasy jout en dat docht bliken. It hûntsje fan Amanda, neffens Syp in frikadel op poatsjes, rekket yn koma. Mei allerhanne natuergelûden, sa as in kraaiende hoanne en tsjerkeklokken wit hy it bist wer ta libben te wekjen. Amanda en Emilius binne út de skroeven en hoe mear lûden hoe better, wylst Rinus no just hielendal trochdraait by al dy lûden. Hy flechtet my in bile it doarp yn om alle lûden te bestriden.

De dekor bouwers ûnder lieding fan Paul IJsselmuiden lykas ljocht en lûd moatte beslist efkes neamt wurde. In skitterjend toaniel stik ûnder rezjy fan Sybren Sigtema en ynstekster Giny Kramer.

De voorstelling is op zaterdag 16 februari nog te zien in Terherne.

Foto: Piebe van den Berg

Reageren

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

X
X

Deel dit met een vriend