Wethouder Johannes van der Pal: “As de rek út ‘t elastyk is, moatte jo stopje”

0

DE FRYSKE MARREN – Op maandag 8 oktober maakte Johannes van der Pal bekend te stoppen als wethouder van gemeente De Fryske Marren en was daarmee de tweede wethouder binnen twee weken die het college van de gemeente De Fryske Marren verlaat.

Janny Schouwerwou ging hem wegens gezondheidsredenen voor. Van der Pal zet daarmee een punt achter een carrière van zestien en half jaar als wethouder. Van der Pal: “De rek is út ‘t elastyk en dan moatte jo stopje. Foaral as jo merke dat it psychysk en fysyk lestiger wurdt”.

“Ik haw it altyd mei in protte nocht dien”, vertelt Van der Pal. “Mar de lêtste tiid fielde ik dat sawol geestlik as fysyk de jierren telle. It giet wat stroever, minder soepel dan earder it gefal wie en dan moatte jo by josels te riede gean oer de takomst. Ik haw der lang oer neitocht en al foar de ferkiezings fan dit jier oanjûn dat ik noch bêst in perioade as wethâlder fol meitsje woe, mar der fuort bysein hoe’t de saken derfoar stienen. It momint fan stopjen kaam earder dan ferwachte. Dat betsjut dat de FNP op syk moat nei in opfolger en der binne se drok mei dwaande. Oant dy tiid bliuw ik yn funksje. Mei as bijkommend foardiel – en dat jout my in goed gefoel – dat ik rinnende saken ôfmeitsje kin, sadat de oerdracht soepel ferrinne kin.”

Er is nog steeds geen witte rook op het moment van schrijven van dit artikel, zodat Johannes van der Pal het pluche nog even warm mag houden voor zijn opvolger, maar hij geeft aan dat hij wel hoopt dat een en ander voor de jaarwisseling zijn beslag heeft gekregen.

Poten in de klei

Voordat Van der Pal in 2002 vrij plotseling door GemeenteBelangen werd gevraagd om als wethouder plaats te nemen in het college van Lemsterland, had hij weinig met het politieke bedrijf te maken. Hij was een kwart eeuw verbonden aan diverse waterschappen en maakte zich druk om waterlopen en zeewering in plaats van rotondes, rondwegen en aquaducten.

Johannes, de zoon van Durk en Geesje van der Pal is geboren en getogen in Oosterzee-Buren. Hij heeft een vijf jaar jongere broer, Harm van der Pal, die een landelijk bekende hardrijder zou worden en met wie Johannes, ook een verdienstelijk schaatser, in zijn jeugd veel optrok.

Vader Dirk was manager van een aantal kleine Rabo-filialen in de buurt van Lemmer en omstreken (“Kassier noemde hij het zelf”) en zag wel een toekomst voor zijn oudste zoon in het bankbedrijf. Johannes dacht daar anders over en wist lange tijd de boot af te houden, alhoewel hij zich aanvankelijk voor een korte periode toch liet verleiden tot een bureaustoel bij de Rabobank. Zoals gezegd voor een korte periode, want daarna werkte hij, tot hij werd uitgenodigd om ‘des Konings Wapenrok’ aan te trekken, bij een boerenbedrijf in de Noordoostpolder, met zijn ‘poten in de klei’ en zijn handen in ‘Gods Akker’.

Waterschappen van Sloten tot Lelystad

Na zijn militaire diensttijd keerde hij terug naar de veilige haven van de Rabobank, waar hij zijn toekomstige vrouw ontmoette en haar ruim veertig jaar geleden ten huwelijk vroeg. “Wy wienen dus letterlik en figuerlik in echt bankstel” grapt hij. Maar zijn hart ging uit naar het weidse boerenland en hij trad in dienst van Waterschap De Zeven Grietenijen en Stad Sloten, vervolgde zijn waterschap-carrière bij het overkoepelende Wetterskip Fryslân met als standplaats Harlingen en kwam uiteindelijk via een kleiner waterschap in de Noordoostpolder terecht bij Waterschap Zuiderzeeland in Lelystad.

Toen hij in 2002 toch wel vrij plotseling werd gepolst voor een baan als wethouder hoefde hij niet lang na te denken. “Ik hie rom 25 jier by wetterskippen wurke en wie dus ek wol ta oan wat oars. Heit Durk, dy’t net safolle mei de polityk op hie, spruts de ‘bemoedigjende’ wurden: “Jonkje, jonkje wit wol wêrst oan begjinst”. Mar ik fielde my der as in fisk yn it wetter en fûn it wol moai dat de eardere ‘kassier’ fan de Rabobank yn Eastersé dit noch meimeitsje koe.”

De moaiste ‘hûnebaan’

“De baan fan wethâlder is net ien fan njoggen oant fiif. Der wurdt fan jo ferwachte dat jo as bestjoerder fan in gemeente regelmjittich jo gesicht sjen litte by de projekten dy’t jo ûnder jo hoede hawwe. Dêrneist binne der gearkomsten mei it kolleezje, oerliz mei de ambtners, kommisjes en riedsgearkomsten en krije jo regelmjittich ynwenners fan de gemeente op besite mei fragen of problemen, om mar in greep te dwaan út it wurk fan in wethâlder. Koartsein: it is in hûnebaan fan hast 24 oeren deis, sân dagen yn de wike. Mar wol ien, wêr’t ik sechstjin en in heal jier mei hiele protte wille yn wurke haw.”

Wel ziet hij met lede ogen een verruwing van de maatschappij optreden. ”Eltsenien tinkt dat ‘er fia social media oeral wat fan fine moat, faak net hindere troch foarkennis of nuance. In appke of mailtsje is mei in druk op de knop ferstjoerd en in bytsje langer neitinke oer dingen is der net by. Ik fielde dat ik der mei it ferstriken fan de jierren, mear en mear muoite mei krigen haw. Myn beslút om der in punt efter te setten kaam dan ek net fan de iene op de oare dei, mar spile al in skoftsje. Ik sjoch der lykwols wol nei út om net mear stjoerd te wurden troch de mobile telefoan, de iPad, de laptop, de aginda. Jo komme net ta oan jo eigen gelok en dat útere him op sawol it saaklike as it persoanlike flak. Dat giet no feroarjen”.

Straks Dolce Far Niente?

“Nee, wis net! Ik bin net siik en te jong om ‘masjinist te wurden op ús stofsûger’. Earst in perioade rêstich oan, want ik ferwachtsje bêst dat ik ‘oan bin’ mei dy oerfloed oan frije tiid. Mar dernei dochs wol wer dingen ûndernimme. Ik wit noch net wat, mar der kin ik my nei myn wethâlderskip op beriede. Ik moat wat om hannen hawwe, mar gjin fjirtich oeren yn de wike mear. Ik hoopje ek wat mear tiid yn myn hobby stekke te kinnen, it silen. Ik haw jirren in 470 en in Finnjol op de wâl lizzen han, wer ik net oan ta kaam. Beide binne se ferkocht. Yn augustus fan dit jier ha ‘k in spektakulere silmasjine, in  Laser 5000 oanskaft, wêrmei ik sa no en dan it wetter by De Lemmer ûnfeilich hoopje te meitsjen”.

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend